Gerard Speerstra skorst

03 mrt 2010 - 12:08

Turntrainer en bûnscoach Gerard Speerstra is troch de KNGU (Keninklike Gymnastyk Uny) foar twa wiken skorst. Speerstra hat neffens de KNGU tefolle krityk op de Uny yn de media hân. Dy útlittings oer amateurisme tsjinoer profesjonalisme wurde him no kwea ôf nommen.

Fjirtjin dagen lang mei Speerstra gjin training jaan oan bygelyks Epke Zonderland. Speerstra en de KNGU wolle gjin reaksje jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)