Jonges pakt foar joyriding

01 apr 2012 - 13:40

Twa jonges (16) út Boalsert en Heech binne sneontenacht oanhâlden foar joyriding. De plysje krige in melding fan in auto yn de sleat by Heech. Der wiene gjin minsken by de auto, mar wol in wiet spoar. Dat kaam by in hûs yn Heech út. Yn de tún wiene de twa dweiltrochwiete jonges. Se hiene dronken en fertelden dat se de auto fan de heit fan de jonge út Heech liend hiene.

Se binne meinaam nei it buro foar ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje joyriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)