LDODK ferliest yn Den Haach

(argyffoto)
De kuorballers fan LDODK ha tiisdei de wedstriid yn Den Haach tsjin Die Haghe mei 26-23 ferlern. Yn de earste helte stie de ploech út Terwispel en De Gordyk geregeld op foarsprong, mar krekt foar it skoft folge in tûke rite fan Die Haghe: 14-12. Nei it skoft gong it oanfallend minder mei de ploech fan trainer Gerald Aukes. André Zwart mei 10 en Markus de Boer mei 6 wiene de Fryske topskutters.
LDODK bliuwt koprinner, mar hat no likefolle punten as Vada: 17 út 12.