LTO tsjin ôfsjitten guozzen

De provinsje moat fan 't maitiid gjin fergunnings ferline oan boeren om skiere guozzen yn greidegebieten te ferjeien of ôf te sjitten. Dat fynt LTO Noard. LTO is benaud foar oerlêst foar briedende greidefûgels. De algemiene regel is dat boeren dy't lêst hawwe fan guozzen, tusken 1 april en 1 oktober, in fergunnning krije kinne om de fûgels te ferjeien.
De provinsje fynt dat de tsien tûzen guozzen tefolle skea oanrjochtsje en wol de bisten dêrom ôfsjitte.