JSF djoerder en letter klear

02 mrt 2010 - 21:39

De JSF wurdt nei alle gedachten djoerder en sil pas yn 2015 troch de Amerikaanske luchtmacht yn gebrûk naam wurde. De ûnderminister fan definsje fan Amearika makke dat tiisdei bekend. Ferline moanne sei syn baas noch dat it fleantúch yn 2013 al fleane soe.

Yn Fryslân is in soad ferset tsjin de komst fan de JSF. Minsken binne benaud dat de JSF folle mear leven makket as de F16. Yn doarpen by de Ljouwerter fleanbasis moatte hûzen hjirtroch mooglik sloopt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)