Akkoart oer sosjale wenten

De gemeente Ljouwert en de wenningboustiftings Elkien en WoonFriesland wolle de kommende pear jier dochs noch hûnderten sosjale hierwenten bouwe. De partijen hawwe dêroer in akkoart berikt.
Se hiene al earder ôfsprutsen dat der tusken 2008 en 2013 fjouwerhûndert sosjale hierwenten by komme moasten yn de stêd. Mar mei troch de ekonomyske krisis leit dat oantal op 't stuit noch mar op hûndert. De wenten wurde ferdield oer de ferskate wiken.