Autospegels yn Snits fernield
Oan de Parallelweg yn Snits binne 18 auto's fernield. Sneontenacht binne de spegels fan de parkearde weinen stikken makke. De plysje siket tsjûgen. De dieders binne nei alle gedachten yn de rjochting fan de Kuyperleane en it Anthoniusplein gien.
Minsken dy't wat sjoen ha, kinne mei de plysje belje op 0900-8844.