Arendz krijt Van der Zee-priis

02 mrt 2010 - 18:16

Akteur Jan Arendz hat de Pyt van der Zee-priis 2010 wûn. Dat is de Fryske priis foar it amateurtoaniel. Neffens de advyskommisje is it bysûnder dat Arendz nea fergetten hat dat hy út it amateurteater komt. Ek wol Arendz syn fakmanskip oerdrage oan de leafhawwers fan it amateurtoaniel.

Arendz krijt de trijejierlikse priis yn juny útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries. De priis bestiet út in oarkonde en in jildbedrach fan 2000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)