'Himpkwekerij: gau brân'

Himpkwekerijen yn Fryslân wurde hieltyd gefaarliker, seit de plysje Fryslân. It yllegaal kweken smyt in soad jild op, mar de kwekerijen binne faak net goed oanlein. Benammen it elektrysk is sa min dat der hiel gau brân ûntstiet.
Oan 'e Achter de Hoven yn Ljouwert is tiisdei in himpkwekerij ûntromme nei in brân troch koartsluting. De stroom wie yllegaal ôftape. Yn Boalsert en op It Hearrenfean moast de plysje ek yn aksje komme foar in ûntromming.