Gamebedriuw nei Amearika
It giet goed mei de game-yndustry yn Fryslân. It Ljouwerter bedriuw Triangle Studios hat in festiging yn Amearika iepene. It game-ûntwikkelingsbedriuw sil fan Dallas yn Texas út de Amerikaanske merk betsjinje.
Triangle Studios bestiet noch mar goed trije jier, mar docht it prima.