Metaal fan grêven stellen

02 mrt 2010 - 11:56
  • De tsjerke fan Huzum doarp

Yn Ljouwert binne de ôfrûne wiken grêven skeind op it Huizumer tsjerkhôf en it Noarderbegraafplak. It gong de fernielers om it metaal op en om de grêven. Se hawwe koper, izer en oare metalen stellen, benammen stekjes.

Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert fynt sokke stellerij skandalich. Moglik wurde de begraafplakken yn de takomst befeilige. De famyljeleden binne op 'e hichte brocht. Se wurde fersocht by de plysje oanjefte fan 'e dieverij te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)