Bromfytser falt op motorkap

02 mrt 2010 - 11:02

In bromfytser út Noardwâlde hat moandei by in botsing op de Elswei yn syn wenplak beide polsen brutsen. In automobilist seach by it linksôf slaan de bromfytser oer de holle. De jonge kaam op 'e motorkap telâne en foel op de grûn.

De bestjoerder sei dat syn sicht belemmere wie of dat er ôflaat wie troch in fuotgonger op it krúspunt. In frou mei in hûn is nei it ûngelok trochrûn. De plysje wol graach mei har prate. Se wurdt fersocht har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)