Alle Schleckers gean ticht

Schlecker ferdwynt út Nederlân
Alle meiwurkers fan de Fryske Schleckerwinkels krije dien. De Dútske eigner fan de drogisterijketen hat om finansjele redenen besletten de njoggen Fryske festigings te sluten. Schlecker sit ûnder oare yn Ljouwert, Frjentsjer, Harns, De Harkema en Noardwâlde.
Neist de Fryske winkels gean ek de oare Schleckerfestigings yn Nederlân ticht. Dat binne sawat hûndert. De winkels slute noch foar de ein fan dit jier.