Botsing mei brêgeboerd
De plysje ûndersiket in iensidige oanriding op de Van Harinxmawei yn Sumar. Troch noch ûnbekende oarsaak klapte in 61-jierrige bestjoerder út Boarnburgum mei de auto op in warskôgingsboerd by de brêge. In tsjûge dy't it seach, warskôge fuortendaliks de helptsjinsten.
De bestjoerder is mei ûnbekend letsel mei de ambulânse nei it sikehús yn Drachten op brocht.