Enkête oer droechfalle op Waad

01 mrt 2010 - 21:29

In nije ynternetenkête moat sjen litte oft fûgels, seehûnen en boaten dy't droechfalle op it Waad elkoar echt yn it paad sitte. De enkête is opsetten troch belange-organisaasjes fan boatsjefarders en natuerorganisaasjes.

Yn de enkete sizze de natuerferienings wat neffens har de allerbeste plakken binne foar de fûgels. De feriening fan Wadvaarders wol op syn beurt graach fan de leden hearre wat foar har de moaiste plakken binne om droech te fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)