Miljoenen foar diken Ljouwert

01 mrt 2010 - 16:46
  • Op dit plak komt in fytstunnel ûnder de rûnwei troch

De provinsje en de gemeente Ljouwert hawwe in oerienkomst sletten om de haadstêd better berikber te meitsjen. Under it ynvestearringsplan fan 750 miljoen euro falle ûnder oare de Heak om Ljouwert, nije akwadukten, in fytstunnel ûnder it Oostergoplein en de werynrjochting fan de Heliconwei.

Yn 2014 moatte de wurksumheden klear wêze. Doelstelling fan de ynvestearrings is dat der oer in pear jier minder files steane yn en om de Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)