Neier ûndersyk moardsaak Ooms

Der moat neier ûndersyk dien wurde nei in skuonspoar dat by it wenhûs fan Marinus Ooms fûn is. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert moandei bepaald. Ek moat in panty mei 17 hierren, dy't yn it moardûndersyk fûn is, fierder ûndersocht wurde.
Marinus Ooms waard yn 2006 mei messtekken om it libben brocht yn syn hûs yn Haulerwyk. Trije manlju binne feroardiele. De advokaat fan de haadfertochte hat yn it heger berop frege om neier ûndersyk.