Brommereksamen no ferplichte

01 mrt 2010 - 14:56

Minsken dy't op in brommer ride wolle moatte fan moandei ôf praktykeksamen dwaan. Sa moat it tal ûngelokken werom brocht wurde. Elk jier wurde 3.000 jongeren opnommen yn it sikehûs nei in brommerûngelok. Tachtich brommerriders komme alle jierren om yn it ferkear.

De oerheid wol mei it rydbewiis it tal slachtoffers mei 10 % werom bringe. Foar it rydbewiis moatte njonken praktyklessen ek in teory- en praktykeksamen dien wurde. Dat kostet al gau 400 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)