Nijbouplan Ychten tichterbij

01 mrt 2010 - 14:53

De plannen foar nije huzen, in wen-soarch-kompleks en in nije sportseal yn Ychten binne wer in stap tichterby.

De Raad van State hat in skorsingsfersyk foar it bestimmingsplan ôfwiisd. Dat fersyk wie yntsjinne troch in tsjinstander fan de nijbou. De útspraak fan de Raad van State betsjut net dat de nijbou definityf trochgean kin. Der binne - los fan it skorsingsfersyk - ek noch twa beswieren yntsjinne en dy moatte noch behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)