Taakstraf foar ballekniper

01 mrt 2010 - 12:31

In Arumer (25) hat in taakstaf fan 60 oeren krigen omdat er yn desimber in plysje yn syn krús knypt hat. De man die dat by in rûzje tusken twa groepen freonen. De plysje gie doe op de man sitten om him yn betwang te hâlden.

Neist dat de Arumer de plysje yn syn krús knypte, skold er him ek út. Earder waard tsjin de man in taakstraf fan 80 oeren easke, mar omdat de man de plysje al syn ferûntskuldigings oanbea en ek in skeafergoeding betelle, is dat 60 oeren wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)