Gjin stappen SP tsjin premier

De aksje fan Van der Kolk by Balkenende fan ôfrûne sneon
SP-steatelid Ad van der Kolk ûndernimt foarearst gjin stappen tsjin de befeiligers fan premier Balkenende. Van der Kolk waard sneon troch dy befeiligers oanpakt, doe't er by in besite fan Balkenende demonstrearde tsjin it Irak-belied fan it regear.
De befeiligers droegen Van der Kolk oer oan de plysje. Dy hat noch gjin proses-ferbaal tsjin him opmakke. Sa lang dat net it gefal is ûndernimt Van der Kolk ek gjin stappen.