Daryl Janmaat heakket ôf

01 mrt 2010 - 10:36
  • Daryl Janmaat hat in hamstringblessuere

Daryl Janmaat hat him blessearre ôfmelde moatten foar it EK-kwalifikaasjeduel fan Jong Oranje mei Poalen. De Hearrenfean ferdediger hat yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo (1-2) in hamstringblessuere oprûn.

Janmaat hat yn de oant no ta fiif spile kwalifikaasjewedstriden noch gjin minút mist. Bûnscoach Cor Pot hat NEC ferdediger Rens van Eijden as ferfanger oproppen. De wedstriid tsjin Poalen is woansdei 3 maart yn Doetinchem yn stadion De Vijverberg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)