Fiif skoaldirekteuren socht

01 mrt 2010 - 09:42
  • De advertinsje op de website fan Comperio

It iepenbier basisûnderwiis yn de Stellingwerven siket op stuit mar leafst fiif nije skoaldirekteuren. It giet om funksjes op skoallen yn De Blesse, Steggerda, Munnikebuorren, Elslo en Noardwâlde-Súd. Bestjoersdirekteur Sake Saakstra seit dat fêste direkteuren socht wurde.

Op trije skoallen is no in ynterim-direkteur en op twa oare giet de direkteur mei pinsjoen. Saakstra tinkt dat it noch in toer wurdt om alle posten op koarte termyn te besetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)