Hûnen sykje Adolf Mud

01 mrt 2010 - 08:13

Rêdingsbrigades hawwe snein socht nei de fermiste Adolf Mud út Drachten. Dy wurdt fermist sûnt begjin febrewaris, syn auto waard doe fûn oan de Grinslannerkant fan de Lauwersmar. De rêdingsbrigades hawwe mei hûnen in stik fan de Lauwersmar ôfsocht. Om de hûnen net te steuren waard it gebiet diels ôfset foar it ferkear.

Foar safier bekend is Adolf Mud net fûn. Earder waard ek al nei him socht, ûnder oare troch de plysje en Steatsboskbehear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)