Sven Kramer: "Dit is te min"

28 feb 2010 - 17:25

Sven Kramer is bot teloarsteld oer it ferrin fan de Olympyske Spelen. "Dit is te min. Ik wie de bêste op trije ôfstannen, mar ik win mar ien. It is muoilik, mar it moat fierder."

Kramer is by de slutingsseremoanje de flaggedrager. Kramer helle njonken it goud op de 5 kilometer ek brûns op de ploege-achterfolging. De oare Friezen, Thijsje Oenema (500 meter), Elma de Vries (5000 meter), Sjinkie Knegt (shorttrack) en Sybren Jansma (bobslydzjen) hellen gjin medalje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)