Lykspul foar Snits Wyt Swart

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart is der net yn slagge fan Rohda Raalte te winnen. De Snitsers spilen mei 1-1 lyk. Yn de earste helte gie de bal hinne en wer lykas yn in flipperkast, mar gjin doelpunten.
Yn de 52ste minút fan 'e twadde helte wie it René Geertsma dy't troch in foarset fan Age Hains Boersma de 1-0 op it skoareboerd sette. Troch in doelpunt fan Melvin Veldhuis waard it 1-1. Snits Wyt Swart hat no 17 punten út 15 wedstriden.