Ruten Filadelfiakapel ynslein

28 feb 2010 - 16:31

By de Filadelfiakapel op 'e Westereen binne yn de nacht fan sneon op snein alle ruten fernield. De alve ruten fan it gebou oan de Suderstatsjonsstrjitte binne sa't it no liket ynslein.

De fernielerij waard sneintemoarn ûntdutsen troch de koster fan it gebou. Hy hat ek de plysje op 'e hichte steld. De dieders binne noch poater. De tsjinst koe snein noch wol trochgean, mar de skea rint yn 'e tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)