Oppakt foar drugs yn Berltsum

28 feb 2010 - 15:10

De plysje hat sneontenacht yn Berltsum twa manlju oanhâlden foar drugshannel. De portier fan in hoarekasaak oan It Skil seach dat in 19-jierrige man út Tsjummearum drugs joech oan in 18-jierrige ynwenner fan Aldebiltsyl. It die bliken dat de âldste amfetamine by him hie.

De plysje hat beide manlju meinaam nei it buro. De drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)