Beskuldiging fan propaganda

28 feb 2010 - 14:55

GrienLinks, Ooststellingwerfs Belang en de ChristenUnie yn Eaststellingwerf beskuldigje B en W fan propaganda en partijpolityk. It kolleezje hat in advertinsje yn 'e pleatslike krante set mei in ferantwurding foar it belied fan de lêste jierren.

Neffens de opposysjepartijen leit it kolleezje dêrmei de klam op de positive kanten fan it belied. It stekt de partijen boppedat dat de advertinsje in wike foar de gemeenteriedsferkiezings pleatst is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)