Swiere skea by brân Warkum

In hoarekasaak oan de Suderseleane yn Warkum hat sneontenacht swiere skea oprûn by in brân. Surveillearende plysjes krigen in melding dat der in alarm ôfgie yn it gebou. Doe't de plysje deroan kaam, knapten ynienen de ruten. De brânwacht wie der gau by, mar koe net tefoaren komme dat der grutte skea ûntstie.
De oarsaak fan de brân is mooglik koartsluting. Der wie gjinien yn 'e saak doe't it fjoer útbruts.