Bromfytser klapt op auto
In 61-jierrige bromfytser is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Bitgumerdyk yn Marsum. De man joech gjin foarrang oan in 54-jierrige automobilist út Marsum. In oanriding wie it gefolch. De brommerbestjoerder foel mei de brommer om.
De bromfytser hie ferskate ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht wurde.