Oppakt mei drugs yn Drachten

28 feb 2010 - 13:33

In man (20) út De Harkema en ien út Drachten (27) binne sneintemoarn oppakt yn it sintrum fan Drachten foar it yn besit hawwen fan drugs. De befeiligers fan in hoarekagelegenheid oan 'e Oliemolenstrjitte hiene sjoen hoe't de 20-jierige drugs joech oan in oare fertrochte.

By ûndersyk die bliken dat beide manlju speed by harren hiene. Se binne meinaam nei it plysjeburo dêr't de drugs yn beslach naam is. Nei in proses-ferbaal koene se wer fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)