Jeugd Harns kin fergees sporte

Harnzer jeugd fan 12 oant 18 jier kin fergees sporte. It jongerewurk yn de havenstêd hat dat mooglik makke. De jongeren kinne ûnder oare oan fitness, judo en streetdance dwaan.
It giet om in tydlike maatregel, betelle mei jild fan it ministearje fan Folkssûnens en Wolwêzen. It ministearje wol dêrmei achterstannen by bern en jongerein oanpakke. Dêr hearre ek achterstannen yn it ûnderwiis by, mar dat is net it doel fan it sportprojekt yn Harns.