Jierlikse hynderalvestêdetocht

28 feb 2010 - 12:49

Der komt mooglik in grutte jierlikse Alvestedetocht op hynders. Boere-organisaasje LTO Noord, de provinsje Fryslân en de Keninklike Nederlânske Hippyske Sportferiening ûndersykje oft dat mooglik is.

It soe in barren foar meardere dagen wurde moatte. De inisjatyfnimmers gean no nei oft it út kin. Op 'e rûte moatte genôch sliepplakken wêze dêr't minsken mei hynders terjochte kinne. Ein maart moat bekend wurde oft de plannen trochset wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)