Cambuur klear foar Fortuna

28 feb 2010 - 11:53

Cambuur is klear foar de wedstriid fan moandei tsjin Fortuna Sittard. De seleksje is sa goed as fit. Neist de al langer blessearden Rudy Jansen en Jos van Nieuwstadt heakket ek Dave Huymans ôf. Hy is siik.

Fierder binne der gjin personiele problemen by de Ljouwerters. Fortuna Sittard fjochtet tsjin degradaasje en Cambuur wol bybliuwe foar de kopposysje. De moanne maart liket beslissend te wurden mei toppers as FC Zwolle en De Graafschap op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)