Winst SCO en Mid-Fryslân

De seleksje fan SCO
De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea ha sneon goeie saken dien troch thús Die Haghe út Den Haach mei 22-18 te ferslaan. By it skoft stie de ploech fan Jan Tuttel al mei 14-12 foar, yn de twadde helte kaam de oerwinning gjin momint yn gefaar.
Yn deselde haadklasse wûn Mid-Fryslân mei 33-14 fan CSL. CSL, de ploech út Britsum, is al degradearre en hie yn Grou gjin kâns. Mid-Fryslân kin no wer wat rommer sykhelje, mar is noch net frij fan degradaasjesoargen.