Aris ferliest yn Amsterdam

27 feb 2010 - 23:36

De basketballers fan De Friesland Aris ha yn Amsterdam ferlern. De Amsterdammers wiene mei 72-61 de bettere ploech.

It ferskil waard al yn it earste kwart makke, doe't Amsterdam in foarsprong naam fan acht punten. De fierdere perioadestânnen wiene 17-17, 15-13 en 18-17. Amsterdam rint no in stikje yn op Aris. De Ljouwerters bliuwe sechsde en ha acht punten foarsprong op nûmer sân Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)