Swalkjend Hearrenfean ferliest

Trainer Jan Everse
"Een terechte nederlaag," sei Hearrenfeantrainer Jan Everse nei de wedstriid tsjin Heracles Almelo. Dêr wie gjin spjelde tusken de krijen. Heracles spile better en krige de bêste kânsen. De thúsploech spile min, mar hie by it skoft noch gjin skea.
Yn de twadde helte wol. Doe stie Diederik Bangma op 'e goal, nei de blessuere fan Martin Leisal. Bas Dost makke de 0-1. Sibon soarge yn de 64ste minút noch foar de 1-1, mar Everton profitearre wer fan 'it iepen hûs': 1-2.