Toulûkers Deinum/Britsum 4e

27 feb 2010 - 17:55
  • De training

By it WK toulûken yn Italië is it team Deinum/Britsum fjirde wurden op it ûnderdiel lannewedstriid. De ploech oant 640 kilo ferlear fan it team út Ierlân. De finale giet tusken Skotlân en Ingelân. Dy wurdt sneon noch hâlden.

Earder wiene de toulûkers fan It Heidenskip op it selde WK as klupteam wrâldkampioen wurden yn de klasse oant 680 kilogram. Se fersloegen yn de finale in ploech út Italië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)