Amels wint titel heechspringen

27 feb 2010 - 16:04

Douwe Amels fan Drachten hat de Nederlânske titel by it heechspringen ferovere. Hy sprong 2 meter 16 by de A-jeugd yn Apeldoarn. Dêrmei is er de twadde Nederlanner dy't dizze hichte as junior hellet. De earste kear slagge dat yn 1992 troch Sven Ootjers. Amels syn sprongen oer 2.18 mislearren.

Earder helle Amels al de limyt foar de wrâldkampioenskippen. Dy binne dizze simmer yn Kanada.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)