Ranzjearlokomotyf yn Snits

Yn Snits is in âld ranzjearlokomotyf brocht. It treinstel is ûnderdiel fan it Stoomtreinprojekt. De lokomotyf waard sneon nei in lange rit út Dútslân yn de tydlike loads set. Dat foel net ta. De âlde rails dêr't de trein op ferpleatst wurde moast, bejoegen it ûnder de 17 ton weagjende lokomotyf. Mei wat krikken en ferstevigingen koe de trein mei in oere fertraging delset wurde.
Wannear't de stoomtrein en de wagons komme, is noch net bekend.