De Heak kin oanlein wurde

27 feb 2010 - 14:48

De skeppe kin definityf de grûn yn foar de Heak om Ljouwert. Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat en Huizinga fan VROM hawwe har hanteken set ûnder it traceebeslút. Dat makke demisjonêr premier Balkenende sneon bekend.

Doe't ferline wike it kabinet foel, wiene Ljouwert en de provinsje bang dat de nije tagongsdyk foar Ljouwert op de lange baan komme soe. De hanteken betsjut dat de plannen yn 2011 los kinne en yn 2014 klear binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)