Dronken bestjoerder oppakt

(argyffoto)
In 53-jierrige Dokkumer is freedtejûn pakt mei fierstente folle drank op achter it stjoer. Syn rydbewiis wie al hast 10 jier lyn skorst om't er mei alkohol op riden hie.
De man is op de Kwelderwei by Kollum oanhâlden, nei't de plysje warskôge wie dat de man dronken yn de auto stapt wie. De plysje meat in alkoholgehalte fan 1185 ug/l doe't er blaze moast, dat is útsûnderlik heech. Maksimaal tastien is 220 ug/l.