Leppehiem lilk op ryk

27 feb 2010 - 13:52

It bestjoer fan fersoargingshûs Leppehiem yn Akkrum is lilk op it ryk. It hûs rint in wichtige subsydzje mis, wylst se dêr op rjocht op ha soene. It giet om 140.000 euro.

De subsydzje is ynsteld troch it regear om soarchynstellings oer te heljen de saneamde alfahelpen yn fêste tsjinst te nimmen. Dat binne húshâldlike helpen dy't no noch freelance ynhierd wurde. Om't Leppehiem dizze minsken al yn fêste tsjinst hie, krije sy no dy stipe net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)