Bestjoerder ôflaat; botsing A7

27 feb 2010 - 12:32

De kettingbotsing freed op de A7 by De Jouwer is feroarsake om't in bestjoerder ôflaat waard troch de frachtwein dy't him ynhelle. Dêrtroch seach de automobilist (74) fan It Hearrenfean net dat it foar him stil stie, sadat er achterop de foarlizzer.

Hy knalde op in auto, bestjoerd troch in frou (59) út Oranjewâld, en dy botste wer op de auto foar har. De Oranjewâldse is út it wrak helle. Se moast, krekt as twa oaren, nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)