Plysje pakt jonge dieven op
Twa jonges fan 14 en 17 jier út Drachten binne tongersdei oanhâlden op fertinking fan it ferkeapjen fan stellen navigaasjesystemen.
Plysjeminsken seagen de twa jonges fertocht omhingjen op de Singel yn Drachten en mienden dat se drugs ferkochten. By it fûllearjen fûn de plysje de navigaasjeapparatuer. It die bliken dat dy stellen wie. Beide jonges sitte noch fêst.