Amper betrouwen yn politisy

Demisjonêr premier Balkenende set him yn foar de lokale polityk, ek al krijt er net folle fertrouwen. Dat sei er sneon op in kampanjebyienkomst fan it CDA yn Ljouwert.
Ut ûndersyk fan TNS-NIPO docht bliken dat it fertrouwen yn de lanlike polityk noch nea sa leech west hat. Dochs wurde de lanlike politisy rom ynset by de kampanje's foar de gemeentlike ferkiezings. Lutz Jacobi fan de PvdA wie sneon yn Boarnsterhim.