De Vegt: 'Dit is hiel soer''

27 feb 2010 - 01:45

Bûnskoach Wopke de Vegt is swier teloarsteld oer de resultaten fan de ploege-achterfolging op de Olympyske Spelen. De manlju waarden yn de heale finale útskeakele, de froulju al yn de kwartfinale.

'Der wie gjin ienheid binnen de ploech, wylst der wol genôch kwaliteit is', sa seit De Vegt. 'We ferlieze it op it teamgebeuren. Dat we no foar brûns ride en net foar it goud is hiel soer. It is swier teloarstellend en ik ha der pine yn de holle fan.'

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)