Frouljusploech útskeakele

26 feb 2010 - 22:55

It is de Nederlânske froulju op de achterfolging net slagge de heale finale te heljen. Dútslân wie yn de kwartfinale te sterk. Foar Nederlân kamen Ireen Wüst, Renate Groenewold en Diane Valkenburg yn aksje. De striid gie lang lykop, mar yn de lêste bocht makke Groenewold in misslach. Dêrtroch kaam Nederlân krekt te koart.

Dútslân treft yn de heale finale Amearika, dat ferrassend titelfavoryt Kanada útskeakele. Poalen en Japan ride yn de oare heale finale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)