Manlju troch op achterfolging

De Nederlânske manljusploech op de achterfolging hat him pleatst foar de heale finale op de Olympyske Spelen. Yn de kwartfinale wiene Sven_Kramer, Jan Blokhuijsen en Simon Kuipers te sterk foar it Sweedske trio.
Yn de heale finale is Amearika de tsjinstanner troch de winst op Japan. De oare heale finale giet tusken Kanada en Noarwegen. Kanada skeakele yn de kwartfinale titelferdediger Itaalje út en Noarwegen wûn mei de hakken oer de sleat fan Súd-Korea.